A B C D E F G H I J K L M N O P Q R S T U V W X Y Z #

BALDRS DRAUMAR lyrics : "Eala Freya Fresena"

Steat op frije Friezen en hifkje de hân
Fjochtsje sille wy, foar ús frije Fryske lân.
Stoart jim no mei swurd en mei skild yn 'e striid

En raas tsjin jim fijân dit krêftige liet.

Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,

oerâlde, leave Fryske grûn,
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,
dy't frije Friezen oan har lân ferbûn.


Harren bloed sil floeie, de see kleuret read
Ús hater sil bidde om syn eigen dea.

Dus stean op en lit witte, fier yn it rûn.
Dot er mar ien de baas is op frije Fryske grûn!


Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,
oerâlde, leave Fryske grûn,
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,

dy't frije Friezen oan har lân ferbûn

Eala Freya Fresena

Hjir bin wy de baas!
Eala Freya Fresena
Stean no op en raas:

Eala Freya Fresena
Ik jou jim myn wurd
Eala Freya Fresena

Frijheid troch bile, spear en swurd!

Morth Motma Mith Morte Kela!


Fjochtsje foar jim âlden, frijheid, fee en freon.
Nimmer sil wy rêste, sa't it Fryske rjocht beskreun.

Morth Motma Mith Morte Kela, is ús heechste wet
Bloed mei bloed ferjilde, ierder sliepe wy net!


Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,
oerâlde, leave Fryske grûn,
Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,

dy't frije Friezen oan har lân ferbûn

Klink dan en daverje fier yn it rûn

Dyn âlde eare, o Fryske grûn!
Klink dan en daverje fier yn it rûn
Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Submit Corrections